
JILDSAKEN
Foargongers, oargelisten en koster krije in fergoeding. Al it oare wurk wurdt dien troch frijwilligers. FOET is dus ôfhinklik fan ponkjerinnen en benammen stipersjeften. Wolle jo ús finansjeel helpe: de Stifting hat in rekken by de ING Postbank mei nûmer 7825487 ûnder de namme fan: Stichting F.OE.T Súdwest Fryslân, Hielkemastrjitte 1, 8561 DH Balk. De stifting hat in ANBI ferklearing, nr. 52 738; jeften kinne dus by de belesting yn oanmerking kommen foar yn mindering brocht te wurden.
Njonken it ponkjerinnen binne jeften ferskuorrend wichtich foar it ynstânhâlden fan ús oekumenyske tsjinsten. Sûnder jeften kinne wy net fuortbestean.
As foarbyld in pear sifers út it finansjeel oersjoch 2011. Ynkomsten ponkjerinnen € 1268,61 en Jeften € 857,89. Totaal € 2.126,50. Utjeften oan foargongers ensfh.; koaren, tsjerkehier ensfh. Totaal € 2.125,30


