OEKUMENYSKE LIETEN

LOADEWYK DAMSMA

Yn 1998 hat Loadewyk Damsma fan De Jouwer in beliedsstik skreaun foar de Stifting F.OE.T foar it brûken fan Frysktalige oekumenyske lieten. De op 8 febrewaris 2010 ferstoarne Damsma is bekend wurden as stiennesamler foar de kloastermoppenmuorre yn ‘e Tsjerke fan de Friezen yn Rome. (sjoch www.friezenkerk.nl)
Loadewyk Damsma wie Roomsk Katolyk, mei-oprjochter fan de Stifting F.OE.T en oant 2006 makke hy dêryn diel út as in sekuere ponghâlder. Nei de earste tsjinst op 19 april 1998 hat Damsma in list gearstald mei lieten dy’t sawol by Protestanten as Roomsk Katoliken goed bekend binne. Dizze earste tsjinst wie foar him as Roomsk Katolyk de oanleiding om syn argewaasje te úterjen fanwege it feit dat sawat alle sjonglieten ûnbekend wiene by de Roomsk Katoliken.
Ûndersteand ûnferkoarte Damsma syn skriuwen.

“ Yn it Lieteboek foar de Tsjerken steane net sa’n soad lieten mei meldijen dy’t yn Roomske fermiddens bekend binne. Dat hat by de earste tsjinst op 19 april 1998 daalk al bliken dien. Der waarden doe fiif lieten keazen út it Lieteboek en mar ien dêrfan koe troch Roomsken meisongen wurde. It liket my in goed ding ta om de roomsken wat te wennen oan de meldijen fan it Lieteboek, mar yn it earstoan harren temjitte te kommen mei it brûken fan mienskiplik bekende meldijen.
As gearstaller fan dizze list bin ik omtrint myn hiele libben lid fan it tsjerkekoar west dat jierren lang benammen gregoriaanske sang op it rippertwaar hie. Letter kamen dêr Nederlânske lieten by. Wat ús koar sjongt ,hoecht net itselde te wêzen as wat op oare koaren sjongen wurdt en boppedat der binne ek koaren mei in eigen rippertwaar, bg. bernekoaren, jongereinkoaren en sa. Myn advys is dat F.OE.T tenei syn foargongers dizze list tastjoerd en harren freget om dêr rekken mei te hâlden.

Fan de 150 psalmen hawwe seis meldijen dy’t yn roomske fermiddens bekend binne. Dat binne:
Side   69 Psalm   36  De sûnde stekt fol swiet fenyn
Side 121 Psalm   65  No riist in liet fol lof, o Heare,
Side 124 Psalm   66  Loovje de Heare, bliid fan herte,
Side 140 Psalm   72  Jou no jo rjocht de kening, Heare,
Side 244 Psalm 118  Sjong no in feestliet foar de Heare:
Side 273 Psalm 134 Jim, tsjinners fan de Heare, kom,
Psalm 65 en psalm 72 hawwe deselde meldij lykas psalm 66 mei psalm 118.

En hjir folget in list fan lieten mei bekende meldijen:

Side/ Nr./ Titel fan it liet/ Bekende meldij

BIBELLIETEN

1         1 God is fan ivichheit – God heeft het eerste woord
34     16 Loovje, o folken, God de Hear – Lobt Gott den Herrn, ihr Heiden all
50    26 Der giet út ierde donkre wolken –  Daar is uit ’s werelds duistere wolken
69    37 Dit sei de Hear, de Soevereine – Zo sprak de Heer der legerscharen
83    44 No tankje allegear – Nun danket alle Gott
170  94 Minsken, ta libjen binne wy ornearre! – Mensen, wij zijn geroepen om te leven!

ADFINTSTIID

219 113 De Heare komt, ik kin syn stimme hearre – De naam des Heren nadert reeds van verre.
220 124 It daget yn it easten – Nu daagt het in het oosten
221 125 O kom, o kom, Immanuel – O kom, o kom, Immanuel
228 128 Skuor, Hear, de himel as in kleed – O Heiland, reiss die Himel auf

KRYSTTIID

234 132 In Roas is iepensprongen – Es ist ein Reis entsprungen
236 133 Út hege himel kom ik oan – Von Himel hoch da komm ich her
238 134 Troch de nachten, troch de dagen – Eer zij God in onze dagen
239 135 Inglen sjonge yn ’ t liet ferlern – Hark! The herald angels sing
244 137 Hoeders harken nei it sjongen –  Quem pastores laudavere
248 138 Kom minsken fan fierren – Adeste fideles
250 139 Kom, en sjoch it wûnder, minsken – Komt, verwondert U hier, mensen
252 140 Hy wa’t hoeders loovje woenen – Quem pastores laudavere
255 143 Stille nacht, hillige nacht –  Stille Nacht, heilige Nacht
260 145 Wolkom, leaven Heare! Wolkom op ‘e wrâld! – Nu zijt wellekome
261 146 Dit is de dei, Gods grutte dei – Dies ist der Tag, den Gott gemacht
268 150 It wurd bestie yn’t oanbegjin – In den beginne was het woord
270 152 In Bern is berne te Betlehem – Puer natus in Bethlehem

EPIFANIËNTIID

287 160 Djip yn ‘e nacht ha wy fernommen – Komt ons in de diepe nacht ter ore
290 162 Om ’t Er by ús wêze woe – Omdat Hij niet ver wou zijn
296 166 Sjong foar de Kening fan ‘e Joaden – Juicht voor de koning van de Joden

TIID FOAR PEASKE

309 172 In minske wêze op ierde Op in oare meldij – Ik wil mij gaan vertroosten,
sjoch liet 174 op side 312
311 173 Alle foarsizzing dêr’t de Skrift fan tilt – Alles wat over ons geschreven is
312 174 Ik wol myn siele treaste – Ik wil mij gaan vertroosten
328 183 O holle, bloedbedutsen – O, Haupt voll Blut und wunden
330 184 Oan it krús ferhege – Met de boom des levens

PEASKETIID

366 207 Gods bern, ferstean wat Peaske seit: – O Filii et Filiae
372 210 Oerein – in nije blide moarn Sta op! – Een morgen ongedacht
378 213 Lofsjong de Hear op hege toan – Gelobt sei Gott im hochsten Thron
382 215 Kristus is ferriisd mei macht – Christus, onze Heer, verrees
398 225 Sjong foar de Hear in nij gesang –  Zing voor de Heer een nieuw gezang

HIMMELFEART

413 235 Yn bidden en yn smeken – Mit Beten und mit Flehen

PINKSTER

415 237 Kom, Skepper, hillge Geast, ferskyn – Veni Creator Spiritus
419 239 Kom, Skepper Geast, ús hert benei – Komm, Gott Schopfer, Heiliger Geist
432 247 No skept de hillge Geast – De Geest des Heren heeft
435 249 Wy libje fan de wyn – Wij leven van de wind
437 250 Kom, hillge Geast, kom hillge Do! – Kom, heilge Geest, Gij vogel Gods

TRIJE-IENHEID

444 255 Ear oan God, de Heit, de Skepper – Glory be to God the Father
447 257 Hallelujah, lit ús ta jo eare – Hallelujah, eeuwig dank en ere

IN KENINKRYK FAN GOD

454 262 Riis oerein! Komt fan ‘e muorren – Wachet auf, ruft uns die Stimme
459 265 Jeruzalem, o stêd fan Heit. Dit kin songen wurde op de wize, sa’t by ús faak
sjongen wurdt by begraffenissen, mar dan wurde twa kûpletten efterinoar ien kûplet.
463 267 Sillich dy’t yn Kristus stjerre – Selig sind des Himmels Erben
476 273 Wol de deaden net ferjitte – Heer, herinner U de namen
495 285 Wol frede, frede skinke – Geef vrede, Heer, geef vrede
506 291 Foar ’t leauwen is gjin ding te wûnder – Nooit kan’t geloof te veel verwachten
509 293 Lizze ek dizen om my hinne – Wat de toekomst brenge moge
520 300 Skielk, as de bazunen skalle – Eens, als de bazuinen klinken

TSJERKE

528 303 Gods Tsjerke fynt op ierde – The Church’s one foundation (Wesley)
531 305 Dêr’t God syn fuotstap set – Waar God de Heer zijn schreden zet (meldij fan
psalm 36)
550 320 Set yn in sang foar God de Heare – Zingt een nieuw lid voor God de Here
558 325 Net as in stoarm, as in floed – Niet als een storm, als een vloed
563 328 Om jo wurd te hearren, Hear – Liebster Jesu, wir sind hier

BELIEDENIS, DOOP EN NACHTMIEL

576 337 It wetter fan ‘e grutte floed – Het water van de grote vloed
590 347 Wurdt earne in minske berne – Roept God een mens tot leven
609 358 Genedich Hear, dy’t al myn swakkens wit – Abide with me
615 363 O God, dy’t stjerre woenen – O God die stierf omschuldig

HOULIK

621 369 God, dy’t yn ’t oanbegjin – God die in het begin

MOARNTIID EN JÛNTIID

653 392 Hear, bliuw my nei by’t fallen fan ‘e jûn – Abide with me; fast falls the eventide

OARE LIETEN

665 400 Almachtich en barmhertich Hear, hallelujah – De Heer is waarlijk opgestaan
694 412 Jo hawwe, o Hear, jo himmeltinte set – O Heer, die daar des hemels tente spreidt
697 414 No komme de fromme foar God de Heare – Wilt heden nu treden voor God, den Here
698 415 Klink no ús liet fleurich fan tonge – Kom nu met zang van zoete tonen
699 416 Hoe lokkich is it lân – Gelukkig is het land
710 423 Och, bliuw mei jo genede – Ach, bleib mit deiner Gnade
716 427A+B Betrou mar stil dyn wegen – Befiehl du deine Wege
724 429 Wa’t hopet op syn God allinne – Wer nur den lieben Gott last walten
733 434 Loovje de Hear,jou dy machtige Kening de eare – Lobe den Herren, den mächtigen König der Ehren
738 437 O ivich ljocht, feroarje my – Erneure mich, o ewigs Licht
751 444 Grutte God, oan Jo de lof – Grosser Gott, wir loben dich
793 472 O Hear, dy’t yn it tsjuster giet – Door uwe donkre sluier heen
819 487 De Hear seach nei my om en ûnferwacht – De Heer heeft mij gezien en onverwacht
820 488A Salang op ierde minsken binne – Zolang er mensen zijn op aarde
826 491 Jo teagen by ús lâns – Gij zijt voorbijgegaan. ”

LOFLIET

Wize: Sjong mar ta, neffens Lieteboek nûmer 473.
Tekst: Ds. Gerrit Groeneveld

1.Sjong o minsken, sjong mar ta,
sjong it yn ‘e gloaria
Protestant of katolyk,
sjongen is foar elts gelyk.

2. Ingels sjonge ’t heechste liet:
“Ear oan God en frede op ierd”.
Bist in hoeder of in foarst,
sjong foar Him út folle boarst.

3. Bonifaas, al is hy griis,
sjongt syn liet foar Frank en Fries.
Libje frij en libje from,
sjongen makket it herte rom.

4. Luther bringt in nije sang,
Menno stimt ek yn mei klang.
Bist herfoarme of menist,
Sjonge kinst mei de baptist.

5. Muontsen yn it kleasterkoar
sjonge nonnen it ferske foar:
“Libje yn de gloaria,
ja, dat winske wy jim ta”.

6. Krist’nen yn de hiele wrâld,
sjong in liet en bliuw net kâld.
Ta Gods ear en ien fan sin,
sjong mar ta, wa ’t sjonge kin.

______________________________________

DE FÊSTE GRÛN

Ik fûn de fêste grûn. Myn Heare,
de boaiem, dêr’t myn anker hâldt,
sil bliuwe ek as de stoarmen beare:
Hy wie foar alle tiid en wrâld;
dy fêste grûn sil noch bestean,
as ierde en himel ûndergean.

It is barmhertichheid allinne,
dy’t myn ferstân te boppe giet,
gjin mûle sil it sizze kinne,
it is in hert, dat iepen stiet
foar elke sûnder leafdefol,
foar elkenien, dy’t komme wol.

O djippe see, o ivich wûnder,
fan Kristus’ dea en myn behâld;
der giet myn kwea foargoed te’n ûnder
en stjert yn ’t oardiel oer de wrâld.
It is syn bloed, dat my foarseit
barmhertichheid, barmhertichheid.

Yn dizze leafde wol ik bliuwe
en docht de sûnde my wer sear,
deselde leafde sil my driuwe
nei’t waarme hert fan God de Hear,
want Kristus fiert foar my de pleit
en ropt aloan; barmhertichheid.

Út“ Ljochte nachten “ fan Gerben Brouwer

—————————————–

Hear, wês mei ús oant in oare kear

Hear, wês mei ús oant in oare kear,
wol oant wersjen oer ús weitsje,
lit gjin kwea ús rigen reitsje.
Hear, wês mei ús oant in oare kear.

Hear, wês mei ús oant in oare kear,
wol ús mei Jo wjukken hoedzje,
stypje as de stoarmen woedzje.
Hear, wês mei ús oant in oare kear.

Hear, wês mei ús oant in oare kear,
Wol de wegen foar ús sljochtsje,
ús net nei ús sûnden rjochtsje.
Hear, wês mei ús oant in oare kear.

Hear, wês mei ús oant in oare kear,
as wy wurch en warleas binne,
lit ús dan troch Jo oerwinne.
Hear, wês mei ús oant in oare kear.

Comments are closed.