FOARBYLD FOETTSJINST

Op snein 20 maaie 2007 is Trix Bergsma-Overdiep fan Harich de foargongster yn Sleat by de 105e tsjerketsjinst fan ‘e Stifting Foet. Oargeliste is Janke Feenstra út De Jouwer en meiwurking wurdt ferliend troch it Aldereinkoar ‘Sjongnocht’  fan Gaasterlân mei 35 leden. Dirigint is Jan Albada út Nijemardum. De tsjinst wurdt bywenne troch 37 persoanen.

291745_172513426161359_1076363535_n

Foargongster Trix Bergsma – Overdiep

 

Yn de ynlieding kundiget Radio Gasterlân oan dat de tsjinst op 27 maaie 2007 hâlden is dochs dat is in fersin. It wie op 20 maaie 2007.

Harkje nei de tsjinst

‘Op nei it Pinksterfeest’ is it ûnderwerp fan de preek. Tekstgedeelten binne Johannes 14: 15-31 en Hannelingen 1: 4-14

 

De gemeente sjongt:

  1. ‘Jûnsbea’. (21)
  2. ‘Al gong hy hjirfandinne’. (Liet 234)
  3. ‘De dei troch jo genede ûntfongen’. (Liet 393)

 

It aldereinkoar sjongt:

1.  ‘Jûntiidsstiltme”.  Dichter: A.M. Wybenga. De muzyk is fan Geart van der Heide.

2. ‘Hear, wy komme ta jo’. (47)

3. ‘Wês net yn noed’. (52)

4. ‘Op hillige bergen’. Psalm 87 (76). Fers 1,3, en 5 troch it koar en 2 en 4 mei-inoar.

5. ‘Betrouwen’. (26)

6. ‘Liet fan Jezus’ (47). Fers 1,2 en 3 troch it koar; 4 en 5 mei-inoar.

7. ‘Hear wês mei ús’. (67). Fers 1,2 en 3 troch it koar; 4 mei-inoar.

 

Comments are closed.