BYLDMERK EN FERWIZINGS

Ûndergrûn:In read pompeblêd as in ûnderdiel fan de Fryske flagge. In flagge ferwiist nei de drager fan de identiteit. De Bibel, Bibeltekst, Oekumenysk symboal en F.OE.T lizze op it reade pompeblêd en binne dêrtroch ien gehiel. In pompeblêd is read salang it ûnder wetter groeit. Earst as it blêd de nije wrâld ynkomt, kriget it in nije kleur en giet it pompeblêd iepen.

Lofts boppe: Iepenlizzende ljochtblauwe Bibel mei dêr boppe it wite wurd Bibel yn haadletters as boarne en daliks dêrûnder it haadstik Romeinen 10 : 9 as grûnslach fan de Stifting Fryske Oekumenyske Tsjerketsjinsten yn Súdwest Fryslân. De Stifting is in gearwurking fan minsken dy’t Jezus as Hear belide. De iepenlizzende Bibel symbolisearret it dwaande wêzen mei it lêzen fan ‘e ynhâld. Efter de Bibel is de spegel foar de Bibeltapassing yn it deistich libben. De wite kleur yn it wurd Bibel stiet foar de blidens fan Jezus berte. De griene tekstkleur ûnder de Bibel stiet foar: hope, groeie en bloeie, fruchtberens, oerfloed en takomst oant Hy komt.

Rjochts:It symboal foar Oekumene mei it Grykske wurd Oikoumene.

Ûnderoan: De letters fan Stiftingsbestjoer F.OE.T. drage de Bibel en de Stiftingsgrûnslach op harren skouders en hja stean bûgjend nei it easten fan dit byldmerk yn de blauwe kleuren fan de Fryske flagge. De namme F.OE.T. is situatyf ûnderoan yn it pompeblêd delsetten lyk as it tsjerklik gebied Súdwesthoek fan Fryslân.

TECHNYSKE BESKRIUWING:
Pompeblêd: Ôfbylding fan: http://nl.wikipedia.org/wiki/Pompebl%C3%AAd
Hichte : 9.92 sm. Breedte : 9,84 sm.
Bibel: De Bibelôfbylding is út it tekstferwurkingsprogramma WORD 2003. Wurkwize: INVOEGEN op de Iconenbalk, FIGUUR, ILLUSTRATIE en ZOEKEN NAAR: Bijbel.
Hichte: 2.22 sm. Breedte: 2,67 sm.
It wurd BIBEL is makke út it tekstferwurkingsprogramma WORD 2003 mei WORDART.
Lettertype: Lucida Handwriting. Lettergrutte: 8 pnts.
Linekleur: Wyt.
Hichte: 0,4 sm Breedte: 0,82 sm.

De oanwizing fan Bibelhaadstik Rom. 10 : 9 is makke mei WORDART út it tekstferwurkingsprogramma WORD2003. Lettertype: Lucida Handwriting. Lettergrutte: 8 pnts.
Linekleur: Heldergrien.
Hichte: 0,82 sm. Breedte: 2,22 sm.
Oekumene: Ôfbylding fan: http://www.taborparochie.nl/contacten/C_oecumene.htm
Hichte: 2,71 sm. Breedte: 3,27 sm.
F.OE.T. De namme is makke yn it tekstferwurkingsprogramma WORD2003. Wurkwize: TEKENEN op de Iconenbalk; WORDART. Lettertype Lucida Handwriting. Lettergrutte 8 pnts.
Linekleur: Blau
Hichte: 2,81 sm. Breedte: 5,21 sm.

PRINTSJEN FAN IT BYLDMERK JOUT DE BESTE KWALITEIT TROCH DE PROSEDUERE TE FOLGJEN YN IT TEKSTFERWURKINGSPROGRAMMA WORD TROCH:
AFDRUKKEN, EIGENSCHAPPEN EN BY KWALITEIT ,,BEST” OANKLIKKE.
FAN DIT BYLDMERK MEI NEAT FERMANNICHFÂLDIGE WURDE TROCH PRINTSJEN, FOTOKOPY, MIKROFILM OF OP HOKKER WIZE DAN EK, SÛNDER SKRIFTLIKE TASTIMMING FAN IT F.OE.T STIFTINGSBESTJOER

GEARSTALLER: Jan Geert Vogelzang, Balk. 2008.

 

FERWIZINGS :

http://www.kruspunt.nl/            Alles oer de Fryske tsjerketsjinsten

http://www.intradamusic.nl/     De nijste liturgyske muzyk sawol Frysk- as Hollânsktalich.

http://www.kffb.nl/                    Kristlike Fryske Folks Biblioteek, de iennichste Fryske Boekeklub

http://www.raadvankerkenfryslan.nl/

http://www.fryskow.nl/              Alle 6 Fryske Wurkferbannen op ien side.

http://www.fowe.org/                 Frysk Oekumenysk Wurkferbân Earnewâld

http://www.radiogasterlan.nl/   Lok.Omrop. Hans Eisma en Lucas Hoogkamp fersoargje ús tsjinsten.

http://kerkdienstgemist.nl/        Tsjerketsjinsten fan oansluten tsjerken

http://www.frieseboekhandel.nl/fries.htm   Boeken te finen yn ‘e Fryske taal en oer Fryslân.

http://www.kerkdienstenfryslan.nl/deze-week-4.ashx Inisjatyf fan Friesch Dagblad

 

 

Comments are closed.