ANBI 2016-2018

 FERSLACH BESWIERSKRIFTENPROSEDUERE  BELESTINGSTSJINST – STIFTING F.OE.T.

 

De Belestingtsjinst skillet de Stifting F.OE.T. It berjocht is dat de Stifting net langer in ANBI-status is. As reden waard oanjûn dat de FOET-hiemside net yn de Hollânske taal skreaun is, www.stiftingfoet.nl. Dat soe ferplichte wêze as Europeeske ôfspraak. Op 1 jannewaris 2008 hie de Belestingtsjinst ús Stifting ynskreaun as ANBI-ynstelling, fiskaalnûmer 8166 43 143, sadat de jeften yn oanmerking komme foar belestingsfermindering. (ANBI besjut Algemeen Nut Beogende Instelling).

 

  1. Ein july 2006 wurdt ponghâlder en webmaster Jan Geert Vogelzang tillefoanysk op ‘e hichte brocht fan it belestingtsjinstfoarnimmen om FOET út te sluten fan de ANBI-regeling. As de F.OE.T. webside no daliks yn it Hollânsk oersetten wurde soe, dan bliuwe wy ANBI. De dame sei der nochris by dat it wol yn “korrekt Nederlands” moast. Sûnder oerlis mei oaren hat Vogelzang sein dat ús Frysktalige Stifting ús Frysktalige webside altyd ús eigen Fryske taal brûkt omt wy in Frysktalige Stifting binne. De Fryske taal is no ienkear wetlik lykskeakele mei it Hollânsk.

 

  1. Op 23 augustus 2016 komt yndie it Belestingbrief mei de meidieling oan de Stifting dat oant 13 septimber 2016 de gelegenheid jûn wurdt om ús webside te feroarjen yn it Hollânsk. De Stifting foldocht oan alle foarskriften útsein de publikaasjeplicht yn it Hollânsk.

 

  1. Vogelzang bringt fia de e-mail it Stiftingsbestjoer op ‘e hichte. Unanym waard besletten de webside net oan te pasjen yn it Hollânsk mei berop op de Frysktalige rjochten.

 

  1. In een e-mail berjochtet Vogelzang op 11 septimber 2016 – út namme fan it bestjoer – de Belestingstsjinst dat alles bliuwt sa as it is. It kin net sa wêze dat de Wet Gebruik Friese taal 2014 de Fryske taal lykberjochtet en dat de Belestingstsjinst as útfierende ryksynstânsje Europeeske ôfspraken makket dy’t net lyk oprinne mei de earderneamde Wet.

 

  1. In tiid lang waard neat mear fan de Belestingtsjinst heard en de hope wie dat hja ta ynkear kommen wiene. Dochs by skriuwen fan 6 febrewaris 2017 waard de Stifting oanskreaun dat ús ANBI – mei yngong fan 1 novimber 2016 – net langer mear in ANBI-ynstelling wie. De reden is dat wy net oan de “publikaasjeplicht” foldogge yn de Hollânske taal. De yngangsdatum wie fêststeld mei trije moannen werom. Dat allinne al wie nuver omt -sawol de stipers as de Stifting – fan neat wisten. De jeften dy’t dien waarden yn novimber en desimber 2016 soene dan net mear foar ANBI yn oanmerking komme. Dit is no in foarm fan “onbehoorlijk bestuur”.

 

  1. Hindrik ten Hoeve stjoert steatssiktaris Wiebes in e-mail en wiist dêryn op de reaksjes fan it advysorgaan Dingtiid. It advysorgaan hie in klacht dellein oer de omgien mei Frysktalige hiemsides foar ANBI-organisaasjes. Ten Hoeve eindiget mei de hope dat der in bystelling komt fan de politike top fan it Ministearje.

 

  1. F.OE.T. oerleit mei in pear ynstânsjes en persoanen. F.OE.T. stjoert tidich op 17 maart 2017 in twatalich beswierkrift.

 

  1. De Belestingtsjinst skriuwt op 21 maart 2017 in brief dêr’t de ûntfangst fan it beswierskrift befestige wurdt.

 

  1. Al op 22 maart 2017 skriuwt de Belestingtsjinst dat de normale beslistermyn net helber is en dat de termyn ferlinge wurdt oant 1 juny 2017. As reden skriuwe hja dat Deputearre Poepjes it brief besprekke wol. Der wurdt byskreaun dat Earste Keamerlid Hindrik ten Hoeve (OSF) de saak al besprutsen hat mei steatssiktaris Wiebes. Foar 5 april 2017 moatte wy mei de termynferlinging ynstimme en dat wurdt harren meidield.

 

  1. Senator Hindrik ten Hoeve advisearret op 12 maaie 2017 om foar 1 juny 2017 dochs noch wer in beswierskrift te skriuwen sadat alles wis binnen de wetlike terminen bliuwe. Hy hat wer kontakt hân mei steatssiktaris Wiebes oer de saak.

 

  1. Mevr. Geerts fan it Ministearje fan Finânsjes skriuwt op 17 maaie 2017 fia in e-mail oan Hindrik ten Hoeve dat it spitich is dat alles sa lang duorret. Op dit stuit leit de kwestje by it Ministearje fan Ynlânske Saken.

 

  1. Hindrik ten Hoeve stjoert Mevr. Geerts op 18 maaie 2017 in e-mail dêr’t hy skriuwt dat hy de Stifting F.OE.T. advisearret hat om foar 1 juny in beswierskrift yn te tsjinjen.

 

  1. Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging stjoert ús in e-mail ta mei it antwurd sa as de publiekvoorlichting (COMM) fan it Ministearje fan Finansjes dat op 10 maart 2017 him skreaun hat oer de ANBI-kwestjes omt noch in pear ynstânsjes lyk as ús oanskreaun wiene.

 De letterlike tekst wie: “Op grond van het Europees recht kunnen ook instellingen in andere EU-landen de ANBI-status krijgen, het zou een belemmering zijn als dan alleen het Nederlands als publicatietaal wordt aanvaard. Vandaar dat het ANBI-team dan publicaties in “gangbare talen” als Frans/Duits/Engels accepteert. Bij Friese ANBI’s ligt het toch anders. Dit zijn Nederlandse instellingen die als in het Fries publiceren slechts een klein deel van de Nederlandse bevolking bereiken. Dat strookt niet met de openbaarmakingsgedachte die de wetgever voorstaat. Bovendien beheersen Friezen ook het Nederlands en is een Friestalige instelling dus altijd in staat om haar teksten ook in het Nederlands in te leveren”.

 

  1. It Stiftingsbestjoer skriuwt op 22 maaie 2017 in twatalich beswierskrift dat rjochte is op “de Wet gebruik Friese taal geldend vanaf 01-01-2014”.

 

  1. De Belestingtsjinst skriuwt op 16 juny 2017 dat hja de beslissing foarútskowe nei 1 oktober 2017. Us bestjoer moat dêr skriftlik akkoart meigean en dat dogge wy.

 

  1. Yn de kranten ferskynt op 6 septimber 2017 de meidieling dat it “Fries taalgebruik mag bij de belastingdienst”. Minister Plasterk soe dat sein hawwe op Twadde Keamerfragen fan de VVD-fraksje. Deputearre Poepjes seit dat de provinsje Fryslân en taalorgaan DINGtiid meardere kearen it probleem oan ‘e oarder steld hat by Minister Plasterk.

 

  1. It is 9 oktober 2017 en wer skriuwt de Belestingtsjinst dat hja der noch net út binne. De beslissing wurdt wer opskood nei 1 jannewaris 2018. Ek dêr moatte wy skriftlik mei ynstimme en dat dogge wy. Minister Plasterk hie yn de Twadde Keamer al tasein dochs de Belestingtsjinst wol oanhâlde as fine storein.

 

  1. By skriuwen fan 10 jannewaris 2018 komt it brief fan de belestingsynspekteur dat “aan uw bezwaarschrift tegemoet wordt gekomen. De Stichting wordt wederom aangemerkt als een ANBI. De “Verklaring van hoedanigheid” ontvangt u over enige tijd, omdat deze middels een geautomatiseerd proces verstuurd wordt”.

 

 

Comments are closed.