OPSTARTSKIEDNIS

OPSTARTSKIEDNIS F.OE.T.

Op woansdeitejûn 19 maart 1997 tekenen 22 persoanen de presinsjelist foar de oprjochting fan in wurkferbân dat Fryske tsjerketsjinsten organisearret yn ‘e Súdwesthoeke fan Fryslân. Gearkomsteplak is yn restaurant ‘Hjir is’ t’ yn Sint Nyk. Der wiene delegaasjes út Hjerbeam, út Hegebeintum, fan it Kristlik Frysk Selskip en fan it Roomsk Frysk Bûn. Seis persoanen wiene behindere. De jûn stie ûnder leiding fan Hein Boersma út Sint Nyk. Oan sa’n oprjochtingsgearkomste giet it noadige oan foarôf. De inisjatyfnimmers makken harren bekend en hja waarden dy jûn yn de oprjochtingswurkgroep beneamd: Tsjitske Meesters, Nijlân; Hein Boersma fan Sint Nyk; Trix Bergsma fan Harich; Ida Bouwhuis-Minnema en Loadewyk Damsma, beide út De Jouwer. It binne twa herfoarmen, twa roomsken en 1 menist. De taakferdieling wurdt dat Hein Bergsma foarsitter is; Tsjitske Meesters  skriuwster en Loadewyk Lamsma ponghâlder. Trix Bergsma soarget foar de preekfoarsjennings en Ida Bouwhuis-Minnema wurdt lektrise. Foar it hieren fan in tsjerke wurdt yn earste ynstânsje kontakt socht mei Toppenhuzen/Twellegea en yn twadde ynstânsje mei de R.K. Tsjerke yn Sleat.  Uteinlik wurdt Toppenhuzen/Twellegea it net. It âlderlingeberie dêr beseach it as ‘konkurrinsje’. Nei in petear troch de hiele FOET wurkgroep mei de parochy fan Sleat op 4 juny 1997 kriget de Stifting yn septimber 1997 it berjocht dat de R.K. Tsjerke fan Sleat brûkt wurde mocht. Dêr waard earst wat twivele om’t dêr in pear tsjinstanners fan it Frysk wiene. It dekanaat fan Snits is akkoart lykas de SOW gemeente Sleat-Wikel. Der wurdt earst in hierkontrakt tekene foar ien jier en dan kin yn dy tiid in oerlis komme troch de SOW- (Samen op Weg) gemeente fan Sleat. Doel wurdt om, lykas yn Hjerbeam en yn Hegebeintum, yn de Súdwesthoeke fan Fryslân elke moanne in Fryske Oekumenyske tsjinst te hâlden. Minsken kinne net lid wurde fan de nije tsjerke; Elk bliuwt lid fan de eigen tsjerklike mienskip. Ek minsken dy’t net (mear) yn tsjerke komme, binne wolkom. FOET wol gjin taalbefoarderingsynstituut wêze. De Fryske taal is in middel en gjin doel.

Ds. Marten de Boer fan Easterein ferklearret him op 7 july 1997 ree ta teologysk adviseur oansteld te wurden. Dr. Frâns Haarsma út Nimwegen wurdt ek frege. Op syn fersyk wurdt hy skriftlik adviseur omt hy al op jierren en op ôfstân fan Fryslân wennet.  Der komme moaie oprjochtingsjeften binnen lykas f. 1000,00 (€ 454,00) fan it Roomsk Frysk Bûn; f. 500,00 (€ 222,00) fan it Kristlik Frysk Selskip en goede jeften fan oanskreaune privépersoanen. Notaris Hoekstra út Sint Nyk makket de stiftingsakte op en 21 augustus 1997 wurdt de akte ûndertekene en is de stifting FOET in feit. Op 12 septimber 1997 folget de ynskriuwing yn it ‘stichtingenregister’ fan de Keamer fan Keaphannel en Fabriken yn Ljouwert. De grûnslach fan de Stifting wurdt de tekst út it brief fan Paulus oan de Romeinen, haadstik 10, fers 9: ‘Want asto mei de mûle beliidst: Jezus is de Hear, en mei it herte leaust, dat God him út de deaden opwekke hat, dan silsto behâlden wurde’. Op 7 jannewaris 1998 wurdt de wurkgroep omsetten yn in bestjoer. Anke Pander fan de SOW-gemeente Sleat en Fred Haarsma fan de RK parochy Sleat , wurde as bestjoersleden taheakke sadat it bestjoer út 7 persoanen bestiet. Dan is it safier dat de earste tsjinst hâlden wurde kin. Age Freark Bosma wurdt de oargelist en Anke Pander de koster. Snein 19 april 1998 is de earste tsjinst mei mear as 100 oanwêzigen. Pref. Dr. Henk Jagersma fan Snits is de foargonger. Nei ôfrin fan de tsjinsten wurdt der kofjedrinken hâlden yn de âlde Grifformearde tsjerke fan Sleat. Yn de earste tsjinst kaam in wichtich probleem oan ’t ljocht foar R.K. tsjerkgongers. Foar harren wiene de measte lieten  ûnbekend om te sjongen. It bestjoer beslút om de foargongers in bondel ‘Kom no mei sang’ te jaan mei it fersyk hjir út sjonge te litten. Loadewyk Damsma hat dêrnei in list makke fan lieten dy’t sawol protestanten as roomsken sjonge kinne.

It Kristlik Frysk Selskip wol in oerkoepeljend orgaan wêze foar de Fryske Oekumenyske Wurkferbannen en de Stifting FOET kin dêrmei ynstimme. Ds. Marten de Boer hâldt foar de Wurkferbannen yn ‘Hjir is ’t ‘ yn Sint Nyk in lêzing op moandei 2 novimber 1998 oer fernijingen yn ‘e liturgy mei as tema: ‘Op nei  in nij Frysk Reveil oan it begjin fan ’e 21ste ieuw’.  Hy hâldt syn ferhaal oer fiif doelstellings:

  1. De gemeente fan Jezus Kristus wêze om God te earjen. Hy jout trije saken oan:
    1. It opsetten troch it bestjoer fan in ynhâldlik belied: Hoe kinne wy in program opsette dêr’t wy no mei út ‘e fuotten kinne.
    2. Njonken de sneinske gearkomsten ien kear yn ‘e moanne, sil it wurkferbânbestjoer, earst mar ris ien kear ien kear yn de twa as trije moanne, it tsjerkefolk dat him belutsen fielt by FOET, byinoar roppe foar in ynhâldlike gearsit.
    3. It mei-inoar útwurkjen fan it learproses yn it tarieden en útfieren fan in tsjerketsjinst, ien kear yn ‘t jier. De oare tsjinsten kinne gewoan trochgean.
  2. Oekumene
  3. Frysk.
  4. Stipe oan it tsjerke gean.
  5. Fernijing. Hy fynt dat der mear lake wurde mei yn tsjerke omt in minsk ommers earen, eagen en stimbannen hat om te brûken. Hy jout sels it foarbyld yn ‘e FOET tsjinst fan 21 febrewaris 1999. Ds. De Boer kaam efter de lessenaar wei en stapte as in ûnderwizer by it lêste ûnbekende fers troch de tsjerkebanken. Hy bliuw by in man stean en frege doe oan ‘e oargelist it fers nochris te spyljen want ‘ik stean hjir by immen en dy hat psalm 7 foar en wy sjonge út gesang 7. Sa bliuwt it ek in ûnbekend fers’. Wêrom ek net wat oars as in preek? Wêrom net ris in film, in lêzing mei dia’s mei of sûnder diskusje?

Nei ôfrin fan de lêzing winske Ds. Marten de Boer by de ynfiering in soad ‘leafde, wysheid en geduld’ ta. It stiftingsbestjoer beslút om mei de goed bedoelde advizen fan Ds. De Boer foarearst net fan de flier op ‘e souder te springen. Gewoan ienris de moanne in tsjinst en dan mar sjen hoe’t alles ûntwikkelt.

De boaiem fan de jildkiste komt yn ’t sicht en op 28 maaie 1999 wurde besikers en stipers fan FOET in biddelbrief skreaun om in jefte te jaan. Dêr wurdt goed op reagearre.

Op snein 26 septimber 1999 stjoert Omrop Fryslân in FOET tsjerketsjinst út. Foargongster is Da. W. Zijlstra-Beuker út Warns. Yn de bestjoersgearkomste fan 8 septimber 1999 wurdt Henk Muijs út Sleat as bestjoerslid beneamd. Hy folget Anke Pander op as fertsjinwurdiger fan S.O.W.gemeente Sleat-Wikel. Stoffel Boersma wurdt ek as bestjoerslid beneamd. Hy ferfangt Trix Bergsma as sy net kin. Tegearre hawwe sy ien stim.

Comments are closed.